Jorritsma wurdt gjin foarsitter

© Omrop Fryslân
Annemarie Jorritsma (VVD) is net keazen as foarsitter fan de Twadde Keamer. Fan de 146 útbrochte stimmen krige se 41 stimmen. Frans Weisglas, ek VVD, waard mei in mearderheid fan 80 stimmen keazen as foarsitter.
Hy wie al waarnimmend foarsitter nei't Jeltje van Nieuwenhoven fraksjefoarsitter fan de PvdA wurden is. Kandidaat Janssen Van Raay (LPF) hie 24 stimmen.