Fúzje wenningbouferieningen

© Omrop Fryslân
Wenningbouferiening Opsterlân en Friestins Woonbeheer yn Grou fusearje. Mei elkoar wolle se mear dwaan foar spesifike doelgroepen, lykas âlderein en handikapten. Op it plattelân dêr't beide ferieningen wurkje, is der ferlet fan.
Se ha yn de gemeenten Opsterlân, Boarnsterhim en Littenseradiel 5500 huzen yn behear. De fúzje krijt 1 jannewaris 2003 syn beslach.