BSE yn Skarsterbrêge

28 maaie 2002 - 00:00

Op in pleats yn Skarsterbrêge is tiisdei BSE konstatearre mei in saneamde snelle test. Mei dy test stiet noch net foar 100 persint fêst dat de ko BSE hat. In twadde test moat wissichheid jaan. As it BSE is, giet it om it tredde BSEgefal yn Fryslân en it 37-ste BSE-gefal yn Nederlân.

It bedriuw mei 188 kij sil sa't no liket op freed romme wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)