Koudum: gjin skoalle op Sândobbe

© Omrop Fryslân
Koudummers komme yn aksje tsjin de nijbou fan it Bogerman Kolleezje op de Sândobbe. It iepen fjild midden yn it doarp wurdt no brûkt foar sportaktiviteiten en it Sândobbefestival.
De gemeenteried hat it beslút foar de nijbou al op 12 maart nommen. De Koudumers sizze net goed foarljochte te wêzen. No tongersdei is der in ynformaasjegearkomste.