Opnij útstel saak-Portugal

28 maaie 2002 - 00:00

De behanneling fan de moard op it echtpear Hoekstra út Menaam troch it Portugeeske gerjocht is opnij ferset. De moard fûn ferline jier plak op in fakânsjereis mei in kemper.

Utstel is nedich om't it psychiatrysk rapport fan de twa fertochten noch net klear is. Ek is ien fan rjochters siik. Moandei binne alle tsjûgen heard. Fertocht wurdt in stel út Frankryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)