Test sirenes op 5 juny
Op 5 juny sille de warskôgingssirenes wer test wurde. Brânwachtkommandant Van Meegdenburg ferwachtet dat fierwei de measten yn Fryslân it dan dwaan sille.
By in eardere test joegen guon sirenes hielendal gjin lûd, benammen yn it Noarden fan it lân. Doel is om de sirenes tenei twa kear yn 't jier te testen. Oant no ta barde dat ien kear.