Skorsing plysjemeiwurker

27 maaie 2002 - 00:00

De korpslieding fan de plysje Fryslân hat ien fan de meiwurkers skorst. It giet om in man dy't op de administratyftechnyske ôfdieling fan it distrikt Midden-Fryslân wurket.

Hy soe ferkeard hannele hawwe mei fytsen dy't de plysje fynt en nei ferrin fan tiid trochferkeapet oan minsken fan wa't de fyts stellen is. De ferkeap is foarearst stopset.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)