Fryslân Bank sponsort hynders
De Fryslân Bank wurdt de haadsponsor fan it Frysk Hynstesintrum yn Drachten. De bank en it hynstesintrum slute dêr woansdei in kontrakt oer ôf. Partijen wolle net sizze om hoefolle jild it giet.
Om it sluten fan it kontrakt te fieren, meitsje de ûndertekeners woansdei in rydtocht troch Ljouwert mei koetsen en fansels Fryske hynders derfoar.