Wout Zijlstra hâldt op

27 maaie 2002 - 00:00

Wout Zijlstra is snein mei it WK 'sterkste man' ophâlden mei syn sportive karrière. It WK foar duo's waard hâlden yn Thialf. Finlân waard earste, Nederlân twadde.

Zijlstra siet yn in team mei Berend Veneberg. It duo wie yn 1998 kampioen en woe dizze prestaasje graach noch ris werhelje. Yn it lêste ûnderdiel helle it team fan Finlân lykwols de punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)