Slagge aksje foar Grouster toer
De aksje om jild yn te sammeljen foar de restauraasje fan de Grouster toer is boppe ferwachting slagge. It doarp moast sels noch 58.000 euro opbringe. Sneon waard bekend dat it einresultaat wol 91.000 euro is.
Fan it ekstra jild hopet de kommisje in flaggemêst en in tredde wizerplaat keapje te kinnen. De restauraasje set moandei út ein.