Problemen swartrider yn trein
In swartrider hat sneontemiddei foar problemen soarge yn de trein tusken Hylpen en Warkum. De 18-jierrige Starumer waard oansprutsen troch de kondukteur. Doe't de trein stoppe op it stasjon yn Drylts naaide er hurd út.
De kondukteur gie der achteroan mar koe de swartrider net hâlde. Mei help fan twa treinreizgers slagge dat in eintsje fierderop wol.