FNP: Steaten moatte net lytser

25 maaie 2002 - 00:00

It tal sitten yn Provinsjale Steaten moat net minder. Dat skriuwt de FNPSteatefraksje oan de Earste Keamer. De útslach fan de ferkiezings hat sjen litten dat de kiezer him net yn 'e besteande partijstruktuer weromkent.

Minder sitten betsjut dat it foar lytsere partijen dreger wurdt om deryn te kommen of bliuwen. Dat komt in goede ôfspegeling net te'n goede, seit de FNP.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)