Room 13 iepenet Wâldrock

24 maaie 2002 - 00:00

De Ljouwerter hardrockband Room 13 is útkeazen om de iepeningsact op Wâldrock te fersoargjen. De Ljouwerters binne tige bliid mei dizze kâns, om't Wâldrock in goed poadium is om 'ûntdekt' te wurden.

"Dit is in dream dy't útkomt," sa sei drummer Klaas Harm Dijkstra. "Wâldrock is it metalfestival fan it Noarden. It is in hiele ear om dêr op te treden."

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)