Superdelúkse taksy yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In hiel spesjale taksy, mei televyzje en faks der yn, rydt sûnt tongersdei yn Ljouwert. De auto fan Taxi Centrale Terschelling is in ferlingde BMW mei allegear ekstra's.
Der binne net allinne twa telefoans en in ynternetoansluting yn de auto, klan- ten kinne ek in glês sjampanje krije. Eigner William de Groot wol de taksy benammen brûke foar ritten nei Skiphol.