Himmelrobot foar Grutte Earen

© Omrop Fryslân
De skûtels yn Boerum wurde tenei skjinmakke troch in robot. In bedriuw dat ek in himmelmasine foar it dak fan 'e Arena yn Amsterdam ûntwikkele hat, bout dy robot op 't stuit.
No wurde de Grutte Earen mei in hegedrukspuit behannele. De skûtels moatte dan wol út. Mei de nije robot hoecht dat net mear. De skûtels fersoargje telekommunikaasjeferkear.