Cambuur ferliest al wer slim
Cambuur spile woansdei de fyfde wedstriid yn de neikompetysje. De Ljouwerters ferlearen mei 5-2 fan FC Den Bosch. Ruud Berger en Dominique van Dijk makken noch twa doelpunten. Folle holp dat net. De Brabanners hienen doe al fiif kear skoard.
Cambuur-trener Gert Kruys giet takom seizoen nei FC Den Bosch. Hy hie him net mei de wedstriidtariedings bemuoid.