Softdrugs net legaal yn Harns

23 maaie 2002 - 00:00

It sjocht der net nei út dat de yllegale ferkeap fan softdrugs yn de Tattooshop yn Harns legaal wurdt. De polityk yn Harns fielt dêr net in soad foar. Allinnich de PvdA en Harlinger Belang kinne har wol fine yn it foarstel fan B&W.

De measte partijen hawwe in oare miening. It CDA wiist op it lanlike belied fan ien ferkeappunt op 15.000 minsken. De ried nimt yn juny in beslút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)