Nij boek oer it Waadgebiet

© Omrop Fryslân
Fotograaf en skriuwer Toon Fey hat in boek oer it waadgebiet makke. Mei de 'Wadden-gids voor liefhebbers' is der nei tritich jier wer in nij standertwurk oer it Waad ferskynd. Fey neamt alle aspekten fan it natuergebiet en wol in breed publyk berikke.
It boek waard woansdei presintearre oan waarman Piet Paulusma. It is skreaun yn opdracht fan de Waadferiening.