Help foar ambulânsepersoniel

22 maaie 2002 - 00:00

Ambulânsepersoniel krijt tenei help fan in saneamd BOAF-team. Dit 'Bedrijfsopvangteam Ambulancezorg', helpt de meiwurkers traumatyske ûngelokken te ferwurkjen. Ambulânses komme faak as earste by slimme sitewaasjes.

It team bestiet út tolve persoanen. Dêryn sitte kollega's lykas sjauffeurs en ferpleechkundigen dy't kundich en op profesjonele wize help biede kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)