Hilaarder: 240 oeren wurkstraf

08 mrt 2012 - 17:06

In ynwenner fan Hilaard is tongersdei troch it gerjochtshôf feroardield ta 240 oeren wurkstraf foar it feroarsaakjen fan in deadlik ûngelok op de Wâldwei by Werpsterhoeke.

Dêr kaam begjin maaie 2009 in man út it Dútske Neuenhaus by om it libben. Neist de wurkstraf mei de Hilaarder ek twa jier net autoride.

Trefwurden: 
Wâldwei wurkstraf Hilaard
(advertinsje)
(advertinsje)