Drugskriminaliteit nimt ta

22 maaie 2002 - 00:00

It tal drugsynsidinten yn de binnenstêd fan Ljouwert is ferline jier flink tanommen. Benammen yn it lêste healjier wie der yn it sintrum mear as in ferdûbeling. Ek naam it tal geweldsdelikten tsjin de plysje ta.

De sifers binne heger om't de plysje mei in projekt aktiver mei de drugskriminaliteit dwaande is. De sifers komme út it jierferslach fan de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)