Jeugdhonk wol oerlêst oplosse

© Omrop Fryslân
Jeugdhonk It Haske yn Balk komt sels mei maatregels om de oerlêst yn de takomst te beheinen. Dat is de útkomst fan it oerlis tusken it bestjoer fan It Haske en de gemeente Gaasterlân-Sleat.
De lêste wiken wie der gauris reboelje by It Haske. Groepen jongeren krigen spul en de gemeente luts doe de alkoholfergunning yn. It bestjoer naam dêrnei it beslút it honk te sluten.