Schatzenburg mei net kappe

© Omrop Fryslân
Rekreaasjepark Schatzenburg by Menaam mei gjin beammen kappe foar 15 july. Dat hat de rjochter yn Ljouwert tiisdei bepaald. De Fryske Miljeufederaasje hie in koart pleit tsjin it park oanspand.
De kap is min foar de fûgelstân om't it no briedseizoen is. De eigner klaget oer in finansjele strop troch it útstel. De rjochter wie persoanlik op Schatzenburg om de saak te besjen.