Tichelaar wurdt Twadde-Keamerlid

21 maaie 2002 - 00:00

De 49-jierrige Jacques Tichelaar fan Oranjewâld wurdt tongersdei frijwol wis ynstallearre as Twadde Keamerlid foar de PvdA. Tiisdei waard bekend dat âld- steatssekretaris Vliegenthart har posysje as keamerlid beskikber stelt.

Earder die minister Pronk dit ek al, wêrtroch Tichelaar yntusken twa plakken nei foaren skood is. Hy stiet no op it 23e plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)