Natuerclub bekritisearret boeren
Boeren moatte mear soarch drage foar it behâld fan houtwâlen en singels. Dat wie de einkonklúzje fan in diskusje fan natuerferiening De Wâlden/ De Marren. Se hâlden dy fanwege it 10-jierrich bestean.
De feriening rjochtet him op de Burgumer Mar en de Wâlden. De boeren dêr sizze lykwols net altyd mei de natuer rekken hâlde te kinnen.