Allbäck nei Aston Villa

20 maaie 2002 - 00:00

Fuotballer Marcus Allbäck fan SC Hearrenfean sil útkomme foar de Ingelske club Aston Villa. Hy is foar 3,5 miljoen euro ferkocht oan de ploech yn Birmingham. Syn kontrakt by Hearrenfean rûn oant en mei de simmer 2004.

Allbäck is dit seizoen topskoarder by SC Hearrenfean. Yn 48 wedstriden makke er 25 doelputen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)