Tema Grutfrysk Kongres bekend

© Omrop Fryslân
It Grutfrysk Kongres fan 2003 krijt as tema 'ynboargering'. Doel is om nei te gean hoe't doarpen yn de trije Fryslannen omgeane mei nijkommers en hoe't dat better kin.
Tagelyk wurdt sjoen wat nijkommers yn Fryslân sels dwaan kinne om yn te boargerjen yn in doarpsmienskip. It kongres wurdt om 'e trije jier hâlden. De organisaasje is yn hannen fan de Fryske Rie.