Lurling nei Feyenoord

18 maaie 2002 - 00:00

Anthony Lurling spilet takom seizoen nei alle gedachten foar Feyenoord. De linkerspits fan SC Hearrenfean moat it sels noch iens wurde mei de Rotterdammers, mar de klups hawwe al in akkoart berikt.

Lurling (25) kaam yn 1999 fan Den Bosch nei Hearrenfean. As alles neffens plan ferrint tekenet er in 4-jierrich kontrakt by de hâlder fan de UEFA Cup.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)