Ekstra befeiliging fleanbasis

© Omrop Fryslân
De befeiliging fan de fleanbasis Ljouwert wurdt oanskerpe. By de haadpoarte komt in ekstra befeiligingsstek, dat 50 meter foar de hjoeddeistige yngong pleatst wurdt.
Troch de wurksumheden is de haadyngong de kommende twa moannen sletten. It ferkear foar de fleanbasis kin dan allinnich fia de yngong oan de kant fan Marsum it terrein op.