Legale graffiti yn Ljouwert
De Alde Lombardsteech yn Ljouwert wurdt dizze dagen omtsjoene ta ien grut graffiti-keunstwurk. Fiif graffitispuiters binne it hiele wykein dwaande mei de steech tusken de Nijstêd en it Saailân.
Se wurde finansjeel stipe troch de gemeente Ljouwert, dy't op dizze wize it yllegaal kladzjen yn de binnenstêd tsjin gean wol.