Aksje yllegaal parkearen Harns

© Omrop Fryslân
De gemeente Harns komt yn aksje tsjin hotels dy't har gasten yllegale parkearfergunnings jouwe. Op in tal plakken yn de stêd kopiearje de hotel- eigners har eigen parkearfergunnings foar de gasten, sadat dy har auto foar de doar fan it hotel kwyt kinne.
B en W fan Harns wolle no dat hotel-eigners parkearfergunnings keapje foar har gasten tsjin dûbel taryf.