Cambuur langer sûnder Bakker

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Sportklup Cambuur moat it noch 4 oant 6 wike stelle sûnder topskutter Erik Bakker. De middenfjilder is tongersdei operearre oan de knibbel. Dêrby waard ûnder oare skea oan de meniskus fêststeld.
Bakker hie sûnt de winterstop al lêst fan it gewricht en spile yn 2012 noch gjin wedstriid foar Cambuur. Mei 11 doelpunten is hy noch wol hieltiid topskutter oan de kant fan de Ljouwerters dit seizoen.