Krapte oan húsdokters Ljouwert

16 maaie 2002 - 00:00

Fjouwer fan de 32 húsdokterpraktiken yn Ljouwert nimme noch mar nije pasjinten oan. Dat hâldt yn dat in soad Ljouwerters gjin eigen húsdokter ha. Benammen yn it easten en suden fan de stêd is it in probleem. En dat wylst dêr de groei it grutst is.

Húsdokters wolle finansjele stipe fan de gemeente om in praktyk yn Suderbuorren op te setten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)