Fenomenale Westra wint etappe

08 mrt 2012 - 16:31

Lieuwe Westra hat op in fantastyske wize de fiifde etappe yn Parys-Nice wûn. De hurdfytser fan De Tynje sprong yn de lêste kilometer fan de slotklim nei Mende by de konkurrinten wei. Mei in foarsprong fan seis sekonden kaam er as earste oer de streek op La Croix Neuve - Montée Laurent Jalabert.

Alejandro Valverde waard twadde, lieder Bradley Wiggens tredde. Yn it algemien klassemint stiet Lieuwe Westra no twadde, seis tellen achter Wiggens.

Trefwurden: 
hurdfytsen Lieuwe Westra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)