Achmeatoer foar ien kear iepen

© Omrop Fryslân
Wat in soad Friezen graach wolle, kin takom wike freed: foar ien kear genietsje fan it útsjoch fan de Achmeatoer yn Ljouwert. It panoramadek op de 24e ferdjipping is dan iepen.
Oare wike freed iepenje de Fryslânwinkel fan VVV/SPL en lunsjkafee Sowiso har doarren yn de Achmeatoer. Om't it dek in beheind tal minsken ha kin moatte gadingmakkers har melde by de VVV/SPL.