Grutte opkomst en sels rigen
Undersiken by stimburo's litte sjen dat de Fryske kiezers manmachtich stimme. Yn guon gemeenten hie yn de moarntiid al in kwart oant in tredde fan de minsken stimd. By in tal stimburo's stiene sels rigen.
Ek lanlik blykt dat de opkomst boppe dy fan fjouwer jier lyn leit, om fiif oere fjouwer persint heger. De stimburo's binne oant njoggen oere iepen.