Ein maaie oprop meningokok-prik
Lanlik is de kampanje begûn om bern ynintsje te litten tsjin de meningokok C-baktearje. De GGD Fryslân ferstjoert ein maaie de oproppen foar de prik.
Bern tusken 0 en 18 jier moatte previntyf yninte wurde tsjin de baktearje dy't harsensfluesûntstekking feroarsaakje kin. Bern yn dy leeftyd rinne it measte risiko op besmetting mei it firus.