Hessel spilet yn Amsterdam

© Omrop Fryslân
Hessel van der Kooi fan Skylge stiet yn Amsterdam programmearre. De sjonger jout takom jier twa konserten yn de Heineken Music Hall by de Arena. By de konserten, 28 en 29 maart, is beide kearen plak foar 5500 minsken.
Hessel spilet gewoanwei yn syn eigen kroech De Groene Weide op Skylge. Earder joech er konserten op de fêste wâl, lykas yn Ahoy yn Rotterdam.