Drokte op stimburo's
Stimburo's wienen tiisdei drok dwaande mei tariedings foar de ferkiezings. Yn Nederlân meie tolve miljoen kiezers har foarkar oanjaan foar de Twadde Keamer. Yn trije Fryske gemeenten wurdt noch mei in poatlead stimd. De measte fan de 10.000 stimburo's binne al digitaal mei in stimmasine.
De buro's binne woansdei fan 7.30 oere oant 21.00 oere iepen.