Buis falt fan plafond yn swimbad

14 maaie 2002 - 00:00

In fiif meter lange buis is yn swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert fan it pla- fond fallen. It tropyske bad hat tiisdei dêrom sletten west. De buis wie fan in fentilaasjesysteem. De skjinmakkers ûntdutsen de ravaazje moarns betiid.

Om't it yn de nacht barde, is net ien ferwûne rekke. It is ûndúdlik hoe't de buis lossjitte koe. In part fan it bad bliuwt noch in tal wiken ticht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)