'Wiersma wurdt út LPF set'

14 maaie 2002 - 00:00

Johan Wiersma wurdt út de partij Lijst Pim Fortuyn set. De hynstefokker út Readstjerk stiet op nûmer 39 fan de list. Nei de ferkiezings moat er fuort. Dat skriuwt de krante Het Parool.

Wiersma hat de partij yn opspraak brocht troch fûle útspraken op it ynternet. Yn diskusjes sei er dat Amsterdam yn 2015 in 'negroïde Moslimstêd' wêze soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)