Yllegale reiddekkers lân út set

© Omrop Fryslân
Reiddekkkers ha it op it stuit sa drok dat se personiel út it bûtenlân nedich ha. Roosma út Makkum hie fiif Hongaren ynhierd. Gewoanwei hat it bedriuw tsien minsken oan it wurk, mar dy koenen it tal opdrachten net oan.
De Hongaren hienen lykwols gjin offisjele fergunning om yn Nederlân te wurkjen. De tydlike wurknimmers binne tiisdei it lân út set.