Dútser: gjin Frysk yn 'e polityk

© Omrop Fryslân
Yn Lemsterlân hat de Dútse D66'er Klaus Stender tiisdei de leden fan 'e riedskommisje frege om gjin Frysk mear te praten. Stender ferstiet goed Nederlânsk, mar hat problemen mei it Frysk.
De gemeenteriedsleden De Vries fan Gemeentebelangen en Barelds fan 'e NCPN wegeren om oan it fersyk fan Stender te foldwaan. Wethâlder Wesselius prate earst Nederlânsk en letter wer Frysk.