Ivan Czetkov nei FC Zwolle

© Omrop Fryslân
De Bulgaarske fuotballer Ivan Czetkov fan SC Hearrenfean spilet it nije seizoen foar de kampioen fan de earste divyzje: FC Zwolle. De oanfaller mocht fan Hearrenfean transferfrij de klub ferlitte.
Czetkov slagge der by Hearrenfean nea yn in basisplak te feroverjen. De ôfrûne twa seizoenen waard er dan ek ferhierd oan earste divyzjeklub Veendam.