Fjochtpartij yn Appelskea
De gemeente Eaststellingwerf set de grutte simmeraktiviteiten op slot. De plysje wol har konsintrearje kinne op ien evenemint tagelyk, om rellen tusken asylsikers en lokale jongerein foar te kommen.
By beide groepen soe in hurde kearn út wêze op konfrontaasje. Yn Appelskea kaam it fan it wykein ta in fjochtpartij. Dêrby rekken in tal minsken ferwûne.