Restauraasje tsjerke Raerd
De tsjerke yn Raerd moat foar mear dan 470.000 euro restaurearre wurde. 15 jier lyn begûn it stúkwurk binnen fan de muorren te fallen. Ek it dak, de flier en de lambrisearring sille oanpakt wurde.
In tal âlde grêfstiennen soe werom moatte yn de flier. Fierder is mooglik ek de bûnte kjifkrobbe aktyf yn de tsjerke. De tsjerke is boud yn 1800.