Cambuurspits Bruin blessearre
Cambuurspits Jan Bruin is foar de rest fan de neikompetysje útskeakele. De Ljouwerter sit thús mei in kniesde kaaibonke.
Cambuur koe de topskoarder oars hiel goed brûke, want se dogge it net goed yn 'e neikompetysje. Mei noch fjouwer wedstriden te spyljen stean se tegearre mei Emmen ûnderoan. De twa hikkesluters moetsje inoar tiisdei yn Emmen.