Deade op de A6 by Follegea
In man (22) út Tuitjehorn is snein dearekke by in ûngemak op de A6. By Follegea seach in oare automobilist syn wein yn de sleat lizzen. Hy warskôge daliks de plysje.
It slachtoffer siet noch achter it stjoer. De brânwacht hat him derút helle. Hy soe al earder ferstoarn wêze. Nei alle gedachten hat er de auto net mear ûnder kontrôle hân.