Fjouwer ferwûnen by Hilaard

13 maaie 2002 - 00:00

Fjouwer minsken binne snein ferwûne rekke by in ûngemak yn Hilaard. In 69-jierrige autobestjoerder út Ljouwert ried oer de Westergoawei en rekke mei de tsjillen yn de berm.

De man hie de auto net mear ûnder kontrôle en kaam yn de ûnderwâl telâne. De bestjoerder en trije ynsittenden binne mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)