Lootsma kening yn Wurdum

12 maaie 2002 - 00:00

By it haadklasse keatsen sneon yn Wurdum is Sibbele Lootsma kening wurden. Hy wûn mei syn partoer mei Sake Porte en Douwe Groenendijk mei 5-0 en 6-6 fan Klaas Anne Terpstra, Henk Vlietstra en Cornelis Terpstra.

Tredde waarden Pieter van Tuinen, DirkJan van der Woud en Auke van der Graaf. Sy ferlearen mei 5-5 en 6-2 de heale finale.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)